Aksjefierders Caparis ride mei bussen troch de provinsje

30 maaie 2016 - 10:26

Rom 250 meiwurkers fan Caparis ride moandeitemoarn mei bussen troch de provinsje hinne om aksje te fieren. De meiwurkers binne fan doel om by de wethâlders fan de oandielhâldende gemeenten del te gean om in petysje oan te bieden. It giet om wethâlders fan de gemeenten Ljouwert, Tytsjerksteradiel, Smellingerlân, Hearrenfean, Opsterlân, Eaststellingwerf en Weststellingwerf. Neffens de meiwurkers wurdt de CAO net goed neilibbe troch it bedriuw. Sa soene in protte wurknimmers meardere jierren op in minimumlean hâlden wurde, wylst dat net mei.

De aksjefierders ride moandei twa ferskillende busrûten by de gemeenten del. Se freegje wethâlders om harren petysje te ûndertekenjen. Hjiryn sizze se dan ta om harren bêst te dwaan foar wurkwissigens, oplieding en it bieden fan in feilich wurkplak. Lotterman bestjoerder fan it fakbûn FNV: "'Het is belangrijk dat gemeenten en wethouders zien over welke mensen de besluiten worden genomen. Ook al verandert Den Haag de wetgeving en zit de SW 'op slot', de zorgplicht die gemeenten hebben die blijft. Daar kunnen wethouders hun ogen niet voor sluiten."

Gjin hântekening

De earste bus kaam rûn njoggen oere oan op it gemeentehûs op It Hearrenfean. Wethâlder Coby van der Laan naam de petysje wol yn ûntfangst mar wegere de petysje te ûndertekenjen. Dat hienen de aksjefierders wol graach wollen. 

Trefwurden: 
Caparis aksje bus
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)