Ljouwerter bisteklinyk ûntfangt sertifikaat katfreonlik

Bisteklinyk Elke Dierenarts yn Ljouwert is de earste Fryske bistepraktyk dy't offisjeel sertifisearre is as katfreonlik. It keurmerk wurdt útjûn troch de ISFM, in ynternasjonale organisaasje dy't him dwaande hâldt mei it wolwêzen fan katten. It sertifikaat lit sjen dat de meiwurkers fan de praktyk der alles oan dogge om stress by katten foar te kommen wannear't se by de bistedokter binne. Sa is foar katten in aparte wachtkeamer ynrjochte om sa foar te kommen dat de bisten yn kontakt mei hûnen komme.
Reden foar bistedokter Lilian van Dijk om de sertifikaasje katfreonlik oan te freegjen is ek it tanimmen fan it tal katten dat foar behanneling nei de bistedokter giet. Mear as de helte fan alle bisten dy't nei de Ljouwerter bisteklinyk brocht wurdt is kat.