Auto bedarret yn plantsoen: trije lekke bannen

29 maaie 2016 - 19:10

In 72-jierrige Goutumer is sneontemoarn tsjin healwei njoggenen op it Oostergoplein yn Ljouwert mei de auto in plantsoen yn riden. Dat koste him syn bannen. Trije fan de fjouwer autobannen rekken dêrtroch lek. De man hie tefolle drank op, sa die bliken. Hy moat in boete fan 550 euro betelje.

Trefwurden: 
plantsoen auto Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)