Snits Wyt Swart Boso Snits spilet lyk tsjin UDI '19

Yn de striid om liifsbehâld yn de topklasse hat Snits Wyt Swart op eigen fjild lykspile tsjin UDI '19. De Snitsers kamen net fierder as 2-2. Dêrmei dienen se harsels tekoart, want dêr wienen in soad kânsen op de folle winst. SWS kaam yn de earste helte op foarsprong troch Freerk de Jong, mar noch foar it skoft kamen de gasten út Uden op lykense hichte. Yn de twadde helte wie it op 'e nij Freerk de Jong dy't skoarde, mar wêr't de 3-1 yn de maak like waard it 2-2.
Takom wike spilet SWS yn Uden it beslissende duel.