Suver gjin hotel mear te krijen op loftmachtdagen

29 maaie 2016 - 19:00

Yn Ljouwert en omkriten is yn it wykein fan 10 en 11 juny gjin hotelkeamer mear te krijen. Alles sit fol fanwege de iepen loftmachtdagen op de fleanbasis yn Ljouwert.

Op de webside Booking.com wurde noch al hotelkeamers oanbean yn ûnder oare Terherne en Harns. In oernachting dan is lykwols net goedkeap. Sa rekkenet hotel De Oude Herbergh yn Terherne 387 euro foar twa persoanen foar twa nachten. Yn Marrum is it in stik goedkeaper: 100 euro foar twa nachten yn Herberg Godot. Op Airbnb is yn Ljouwert op snein noch ien keamer frij.

De rest is allinnich yn de fiere omkriten fan de haadstêd te besetten. Yn Hollum op It Amelân is noch al romte. Mar dan moatte jo wol ta de bûse. By De Eerste Stuiver betelje jo foar twa nachten 710 euro. En by it Van der Valk-hotel yn Snits is de breidssuite noch beskikber op 10 juny.

Trefwurden: 
loftmachtdagen hotel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)