Supermerk ûntromme fanwege lekkende brommer

29 maaie 2016 - 16:00

Supermerk Jumbo yn de Ljouwerter wyk Camminghabuorren hat sneintemiddei oardel oere ôfset west. Yn de winkel waard in lucht rûkt dy't op gas like. Plysje en brânwacht hawwe de winkel ûntromme en in diel fan it winkelsintrum ôfset. Mar in meiwurker fan enerzjybedriuw Liander koe gjin gaslek fine.

By ynspeksje bûtenom waard de rook sterker by in berging fan bewenners fan it kompleks. Yn de berging stie in lekkende brommer. De lucht is fia it fentilaasjesysteem yn de winkel telâne kaam. Hoe't dat kin, sil de brânwacht noch útsykje.

Nei de ynspeksje hat de plysje de supermerk om likernôch healwei fjouweren wer frijjûn en koene de klanten de winkel wer yn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)