Update: Fermiste Lemster werom fûn mei help fan Burgernet

29 maaie 2016 - 14:14

Mei help fan Burgernet is de Lemster (73) dy't sûnt sneontejûn 18.00 oere fermist waard wer te plak. De man wie yn in hotel yn Emmeloord. Hy is sûn, sa meldt de plysje. Om út te sluten dat de man yn it wetter lei, hawwe dûkers fan de brânwacht fan Snits sneintemoarn nei de man op syk west mei help fan in sonarboat.

Net al te lang dêrnei kaam by de plysje de melding binnen dat de man sjoen wie yn Emmeloord. Neffens de plysje hawwe de Lemsters dy't oansletten binne op Burgernet goed by de sykaksje holpen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)