Dûkers sykje op De Lemmer nei fermiste man

By it Breezand op De Lemmer waard yn it wetter socht © De Vries Media
Dûkers fan de brânwacht fan Snits hawwe snein de plysje holpen by in syktocht nei in fermiste man op De Lemmer. It giet om in 73-jierrige man dy't sûnt 18.00 oere sneontejûn fermist wurdt. De plysje befêstiget dat de syktocht te krijen hat mei de fermissing fan de 73-jierrige.
'Dat de man te water is geraakt is een mogelijkheid. De enige manier om dit uit te sluiten is dat je daadwerkelijk het water opgaat', seit plysje-wurdfierder Paul Heidanus. Der is op De Lemmer socht mei in sonarboat.