Fytser ferwûne nei botsing mei trekker yn Aldeholtpea

29 maaie 2016 - 12:11

In man (31) is sneon ferwûne rekke by in ûngelok yn Aldeholtpea. It slachtoffer fytste op in racefyts oer de Stellingenwei en waard rekke troch in trekker dy't fan de oare kant kaam. De man gie ûnderút. Hy rekke ferwûne oan 'e holle en it boppelichem. In traumahelikopter waard ynset. It slachtoffer is úteinlik mei in ambulânse nei it sikehûs brocht.

De bestjoerder (55) fan de trekker mankearde neat. Hoe't it ûngelok barre koe, is noch net dúdlik. Dêr wurdt ûndersyk nei dien.

Trefwurden: 
trekker botsing
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)