Plysje fynt grutte partij softdrugs yn Deinum

29 maaie 2016 - 11:16

De plysje hat yn in wente yn Deinum in grutte partij softdrugs fûn. In man (31) út Menameradiel is oanholden foar drugsbesit. De plysje wie nei de wente kaam omdat der ynbrutsen wêze soe, By ûndersyk die bliken dat fan in ynbraak gjin sprake wie. Wol troffen de plysjes in grutte foarried joints oan en in flinke partij himptoppen. De drugs binne yn beslach naam. De plysje ûndersiket noch om hoefolle drugs it krekt giet.

De fertochte dy't de ynbraak sels meld hie, makke in betize yndruk op de plysje. Hy sit fêst en wurdt snein heard.

Trefwurden: 
softdrugs Deinum drugs
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)