Van Nistelrooij: "Yn it noarden sit in lyts Silicon Valley"

29 maaie 2016 - 10:50

Der sit yn it noarden wol in lytse Silicon Valley, mar it komt der noch net hielendal út. Projekten dy't Europeesk jild krije of hawwe wolle, moatte dêrom aktyf besykje om start-ups fan de grûn te krijen. Dat seit Europarlemintariër Lambert van Nistelrooij fan it CDA. Hy hat krekt it rapport The Road to the Valley publisearre oer regio's mei in geunstich klimaar foar start-ups.

Start-ups binne lytse ynnovative bedriuwen dy't produkten ûntwikkelje, dy't je eksportearje kinne. Yn it rapport stiet ien súksesfol Frysk projekt: Wetsus.

Van Nistelrooij is posityf oer Wetsus, omdat op de kampus fan it wetterynstitút no in stikmannich 'start-ups' aktyf binne. In bekend foarbyld is it bedriuw Redstack, dat bekend is fan de 'blue energy'-sintrale op de Ofslútdyk.

Lifelines

De Europarlemintariër soe graach sjen dat in projekt as Lifelines foar grutskalich ûndersyk nei sûn âlder wurde it foarbyld fan Wetsus folget. Wittenskiplik ûndersyk en it sammeljen fan in soad gegevens is prachtich, sa seit de CDA'er, mar it is essinsjeel om oanslutend ek te besykjen om in business-model te ûntwikkeljen foar produkten dy't makke en ferkocht wurde kinne. "Als je dat niet goed doet, profiteert een ander van jouw onderzoek. Er mag echt nog wel een onsje bij."

Junckerjilden

Van Nistelrooij giet meikoarten mei in delegaasje fan it Europeesk Parlemint nei Silicon Valley yn Amearika. Hy fynt dat de nije Europeeske fûnsen, de saneamde Junckerjilden, allinnich brûkt wurde moatte foar projekten dy't foar hiel Europa in 'toegevoegde waarde' hawwe en in belangrike bydrage oan de ekonomy leverje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)