Stedsskouboarch Harmonie wol duorsumer wurde

29 maaie 2016 - 08:56

De Harmonie yn Ljouwert wol de kommende jierren duorsumer wurde. Op it platte dak fan de skouboarch lizze yntusken al 52 sinnepanielen. Dêrneist komt der enerzjy-freonlike ferljochting en wurde de húskes en dûsen ferboud sadat der minder wetter ferbrûkt wurdt. De Harmonie wol ek minder ôffal produsearje en mear lokaal iten serveare oan de gasten.

De skouboarch hat ek hiel oare plannen. De Harmonie wol ek graach in terras oanlizze oan it wetter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)