Sloeproeiers De Jouwer winne yn Grou, by manlju en froulju

28 maaie 2016 - 20:34

De sloeproeiers fan De Jouwer hawwe sneon goede saken dien by wedstriden yn Grou. By de froulju wûnen se mei de Lytse Bear en by de manlju mei de Grutte Bear. De manlju hiene earder ek al de HT-race  op harren namme skreaun. De Grutte Bear wist yn Grou de konkurrint  Orkaan út Muiden mei sân sekonden foar te bliuwen. 

De dielnimmers roeiden fan Grou nei Earnewâld werom nei Grou, in ôfstân fan goed 20 km. De wedstriid telt mei foar it Nederlânsk kampioenskip.

Trefwurden: 
sloeprace sloep Grou roeien
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)