Reinbôgetrep tsjin diskriminaasje yn hertsje Ljouwert

28 maaie 2016 - 19:43

Op it Ljouwerter Mata Hariplein is sneontemiddei op it Frysk Strjitfestival de saneamde 'reinbôgetrep' offisjeel yn gebrûk naam. Dat waard dien troch wethâlder Sjoerd Feitsma fan kultuer.

De reinbôgetreppen binne in inisjatyf fan de VVD en fraksje Brakenhoff yn de Ljouwerter gemeenteried. It is bedoeld as symboal foar it fieren fan ferskaat, tsjin alle foarmen fan diskriminaasje. Dat is nedich, want it tal meldings fan diskriminaasje nimt de lêste jierren wer ta. Yn Ljouwert weine it ferline jier 168.

Homobeweging
De kleuren fan de Reinbôgetrep binne ûntliend oan de reinbôgeflagge fan de homobeweging.

Reinbôgesebrapaad, reinbôgestoepe, reinbôgetreppen
Ferskate stêden yn Nederlân hawwe al langere tiid in reinbôgesebrapaad of in reinbôgestoepe. Yn Ljouwert is mei sin keazen foar in reinbôgetrep fan keramyk omdat dy langer meigiet en boppedat ek better passe soe by de Fryske kultuer.

Mata Hariplein
As plak foar de treppen is keazen foar it Mata Hariplein tusken stedsskouboarch De Harmonie en poppoadium Neushoorn, omdat dy sintraal leit yn it Ljouwerter útgeansgebiet. It soe yn dat útgeansgebiet like gewoan wêze moatte as twa jonges of twa famkes hân yn hân rinne as wannear in jonge en famke dat dogge, seit wurdfierder Cees van Baalen fan COC Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)