Nederlânsk alvetal op besite by Blau Wyt '34

28 maaie 2016 - 17:52

In delegaasje fan de fuotballers fan it Nederlânsk alvetal hat sneon op besite west by Blau Wyt '34. Mei in helikopter kamen Ron Vlaar, Kevin Strootman, Jasper Cillessen, Riechedly Bazoer, Kenny Tete en Marco van Ginkel oan op sportpark Wiarda. It seistal bleau in oerke om mei in G-team, in famkesteam en in F-team te fuotbaljen.

Yn it foar wie rekken holden mei grutte drokte op it sportpark. Trochdat in soad minsken op de fyts kamen, wiene der gjin problemen.

Oare spilers en bûnscoach Danny Blind wiene sneon by fjouwer oare amateurklups yn Nederlân. Oranje spile freed noch in oefenduel tsjin Ierlân. Yn Dublin waard mei 1-1 lykspile. Nei de besite oan Blau Wyt '34 waarden de spilers wer nei Skiphol ta brocht, yn it Portugeeske Laos folget nammentlik de tarieding foar noch twa oefenwedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)