Brantsje op motorjacht, gjin ferwûnen

28 maaie 2016 - 17:27
Foto: ANP

Op in motorjacht tichtby De Broek by De Jouwer hat sneontemiddei in brantsje west. It fjoer ûnstie om healwei fiven hinne troch noch ûnbekende oarsaak. Alle opfarrenden koene feilich fan board komme. Gjinien rekke ferwûne. De brânwacht fan Heech en Langwar waard ynsetten om de brân te bestriden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)