UPDATE: Grut buiegebiet liket oer te waaien

28 maaie 2016 - 20:15

It foar sneon oankundige grutte buiegebiet dat oer in diel fan Fryslân lûke soe, liket no dochs ûnder de provinsje del te gean. Neffens de radar kriget Drinte wol reinwetter. Yn Fryslân kin sneontejûn en -nacht wol in inkeld lyts buike ta ûntwikkeling komme. Snein lykje der wol buien te kommen, mar dat is noch net wis.

Yn de rest fan Europa giet it need mei tonger en wjerljocht. Yn Parys binne alve minsken ferwûne rekke doe't it ynsloech en yn in park en yn Dútslân foelen 35 ferwûnen by in fuotbalwedstriid, ek by in ynslach.

Trefwurden: 
buien waar
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)