Sylboat yn middenberm A7 by Nijlân

28 maaie 2016 - 17:10

Op de sneldyk tusken Boalsert en Snits is sneontemiddei in sylboat yn de middenberm bedarre. It giet om in katamaran dy't op in trailer achter in auto siet. By de ôfslach Nijlân skeat de trailer los fan de auto. It hiele saakje bedarre yn de middenberm.

De plysje en Rykswettersteat hawwe de linker rydbaan ôfset. Sa koe it bergingsbedriuw de katamaran derwei helje. Dy hie aardich wat skea. De bestjoerder fan de auto rekke net ferwûne by it ûngelok. It ûngelok barde om healwei fjouweren hinne.

Trefwurden: 
sylboat middenberm A7 Nijlân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)