Fuotballers fan Balk promovearje net nei de haadklasse

28 maaie 2016 - 16:37

De fuotballers fan Balk binne útskeakele yn de striid om promoasje nei de haadklasse. De Balksters ferlearen sneon mei 2-0 fan Heinenoord.

Op eigen fjild moast it Balkster publyk lang wachtsje op de doelpunten. Nei rêst wie de earste treffer foar de gasten út Súd-Hollân, mar fanwege bûtenspul waard de goal ôfkard. Yn de 79e minút wie der op 'e nij in goal foar Heinenoord en moast de ploech fan trainer Dick Sangers op jacht nei de lykmakker. Yn stee fan de 1-1 foel de treffer oan de oare kant en makke Heinenoord dien wurk.

Trefwurden: 
Balk fuotbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)