Lytser strjitfestival Ljouwert lûkt dochs in protte publyk

It wie sneon in drokte fan komsa op it jierlikse Frysk Strjitfestival yn Ljouwert. Dat kaam ek troch it sierlike waar. Tûzenen minsken kamen ôf op in ferskaat oan teatrale en muzikale akts.
It festival hat in skoft faai stien. Pas in pear moanne lyn kaam der dochs jild. Dêrtroch is it festival dit jier lytser fan opset. It sintrum fan de aktiviteiten is dit jier net op it Saailân, mar op it Gouverneursplein. Sadwaande wiene der gjin optredens op it Saailân en ek net by de Aldehou.
Neffens organisator, Harmoniedirekteur Arthur Oostvogel, lit de grutte belangstelling sjen dat it strjitfestival net mear fuort te tinken is.