Kollum: "Us"

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side Eelke’s Weblok.
"As je altyd de polityk mei in soad ynmoed folge hawwe, dan harkje je no noch altyd nei guon âld en âlde politisy. Ut gewoante, mar soms binne it lju mei wiisheden. Wis, wis. Net elk. Fan 'e wike is Berend Udink ferstoarn. Doe moast ik wol hiel bot neitinke. Ja, dy siet letter by Ogem, sokken ferlies je út it each. Mar der bin oaren. De Hoop Scheffer folgje ik bygelyks noch wol wat. De âld-minister fan definsje dy’t alle nije ministers fan definsje altyd bakken fol jild jaan wol, dan kinne se teminsten it meast ôfskrikwekkende oarlochsark oanskaffe. Hy moat ek op de spottersbulte by Marsum stien hawwe fan 'e wike. Mar jo hoege it net mei elk iens te wêzen. Bin ik altyd wol, en dat is wat gefaarlik, mei Frans Weisglas. In hear. Dy’t sa no en dan syn VVD-trawanten wer ris rjochting PvdA opskopt: Dat hawwe jim dochs ôfpraat? Dan moatte jim dat ek dwaan. Dêrom wie ik fan 'e wike fernuvere dat hy sa lokkich wie mei de rede fan kening Willem-Alexander yn it Europeesk Parlemint. Wêrom tink jo dan, dy kening seit itselde as Rutte en Dijsselbloem. Net bysûnder. Mar ja, Weisglas seit it, en dan moat jo tinken dus oarsom. Dus doe moast ik fan 'e wike wol efkes sjen by dy beide oare Oranjes dy’t fan 'e wike nei Fryslân weromkamen nei it lân fan harren oerbeppe Marijke en pake Friso.
Constantijn kaam as earste. Hy iepene yn Wetsus Water Tech Fest. Ja jonges, it is net oars, de wrâld sit tsjintwurdich taalkundich as ôfkoarte Ingelsk ynelkoar. Ik wit net watfoar feest oft it wie. Mar wol wêr’t dy Constantijn it oer hie. Start-ups. Doe’t de lju derút rûnen, doe tochten se ynienen: "Ooo, hy bedoelt nije bedriuwkes." Ja, dat bedoelde er ek. En dy moat jild hawwe. Ek fan Fryslân, ek al komme se hjir net wei. Want Fryslân kin wol o sa oer wetter swetse, der binne ek oaren dy’t mei wetter omgrieme. Hy sei it net lûdop, mar syn memmelân doocht net wat dat oanbelanget. Altyd mar wer ús, ús. Wy ha’t oer ús lânskip, ús kij, ús wetter, ús taal, ús Abe, ús Alvestêdetocht, ús Fryske hynder, ús Wetsus, ús Slachtemaraton, ús rede fan Fryslân.
Dêr hiene se it provinsjehûs wer foar himmele. De rede fan Fryslân. Foar de fiifde kear. It bekende ritueel. Immen trapet in wiid iepensteande doar yn. En dêrfoar kaam de twadde Oranje nei ús ta, Carlos. Hy fleach fansels ek troch de iepensteande doar deryn: hy sei dat Fryslân noch folle faker 'ús' sizze moat. Neffens him binne wy de geweldichste yn de wrâld fan de sirkulêre ekonomy. Ja, dat is ek wer sa’n nij wurd. We smite wat plestik rotsoai op in bult, we drukke dat bultsje stiif ynelkoar, en dan snije we it yn lytse pealtsjes om al dy boaten dy’t yn Fryslân komme oan fêst te binen. Sirkulêr is dat de parsemasine op sinnepanielen draait. It kostet in soad jild om de start-up te krijen, mar oer 25 jier hawwe jo miskien gjin marpealtsjes mear nedich, mar hie’t wol út kinnen. Sok wurk, dêr skine wy neffens Carlos wol hiel goed yn te wêzen. Mar dat witte we net. Hy sei: Jim moatte hieltyd roppe 'ús sirkulêre ekonomy'. Mar de sinten dy’t wy dêr oer 26 jier mei fertsjinje, moatte wy neffens Willem-Alexander oan Grikelân en Ingelân jaan; neffens Contsantijn oan noch mear nije wetterstart-ups en Carlos wol dat we dat wer yn kennis stekke, sadat we wite wat sirkulêr is. Dus hat Jorritsma al in sympoasium tasein. En dûnset hy mei Grinslân en Drinte yn de kriich om safolle mooglik mei nije enerzjy en duorsumens om te griemen.
Mar ik fyn dat wy de Oranjes wol wat mear earje moatte. Der moat in start-up foar de sirkulêre ekonomy komme. Ik stel foar: we skite as Friezen tenei op ien bulte. En dan komt der in Sinees dy begjint dan in fabryk op It Hearrenfean. Hy hat in grut plat dak, der sitte sinnepanielen op, en trije mânske wynmûnen dogge de rest. En dan makket dy Sinees fan ús stront sirkulêre kaugom."