Protestmanifestaasje yn Top en Twel tsjin gaswinning

28 maaie 2016 - 13:16

Yn Top en Twel is opnij protestearre tsjin de gaswinning yn Fryslân, ûnder it motto 'Laat Fryslân niet zakken'. Belutsen bewenners fan de doarpen en ferskate politike partijen en organisaasjes holden in grutte manifestaasje en rûnen dêrnei yn in protestmars nei de gaswinlokaasje fan Vermilion yn Toppenhuzen.

Se wolle sa oan minister Henk Kamp fan Ekonomyske Saken sjen litte dat se soargen ha oer de gaswinning yn Fryslân en dat se harren nocht ha.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)