Automobilist oppakt foar besit xtc en stroomstjitwapen

© ANP XTRA
De plysje hat freedtejûn yn Twizel in 30-jierrige ynwenner fan Koatstertille oanhâlden dy't xtc en in stroomstjitwapen by him hie. De man waard derfan fertocht dat er foar de fjirde kear sûnder rydbewiis ried. Plysjes hawwe syn auto yn beslach naam.
De man woe noch wat guod út de auto wei helje en it like derop dat er wat ferstoppe yn 'e broek. Doe hawwe de plysjes de drugs en it wapen fûn. It guod is yn beslach naam en de man sit yn de sel.