Fêstiging Steatsboskbehear yn Jobbegea wurdt praktykskoalle

De fêstiging fan Steatsboskbehear yn Jobbegea wurdt, as it heal kin, aanst in saneamde praktykskoalle foar jongerein mei in beheining. De natuerbehearder is op dat plak al jierren oan 'e gong as learwurkbedriuw dêr't  learlingen praktykûnderfining opdwaan kinne. Mar yn 'e mande mei ûnder oare it Nordwin College wolle se no in stap fierder en wurdt der aanst ek lesjûn. It giet om in groep learlingen dy't yn it ferline nei skoalle meastentiids by de wurkfoarsjenning bedarje.
Dy opsje bestiet no net mear wêrtroch't dejongeren tusken wâl en skip drigen te reitsjen. De wize wêrop't dy groep no al oan praktykûnderfining holpen wurdt, falt ek lanlik op. It is ien fan de saken dêr't steatssekretaris Jetta Klijnsma fan Sosjale Saken freed omtinken foar hie by in wurkbesite oan it Noarden. De nije praktykskoalle bliuwt lytsskalich, want dat wurket it bêste.