Fragen oer gefolgen fan nije binnenfeartwet foar skûtsjes

27 maaie 2016 - 22:43

In trijetal VVD-keamerleden wol fan minister Schultz van Haegen witte hokker gefolgen har nije binnenfeartwet hat foar skûtsjes. Aukje de Vries fan Ljouwert, Pieter Jan Duisenberg fan It Hearrenfean en Betty de Boer wolle net dat it skûtsjesilen ferdwynt troch de nijste regeljouwing fan de minister.

Sa wolle se fan de minister witte oft der wol of net hurdsyld wurde mei, oft se sleept wurde meie en hoe't it sit mei de lingte fan de skûtsjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)