Dosinte Bloem: ''Dreech eksamen, mar wol goed te dwaan''

27 maaie 2016 - 20:35

It wie dreech, mar goed te dwaan. Dat seit dosinte Anna Marije Bloem fan it Bogermankolleezje yn Koudum oer it eineksamen Frysk. Dêr ha 13 bern it eineksamen Frysk makke. "We ha der twa jier nei ta wurke, en dan is it dêr," seit Bloem, "mar ik tink dat ik it spannender fûn as de bern. Dy hiene net safolle lêst fan spanning."

It eksamen bestie út trije teksten. Ien oer tatoeaazjes, ien oer in fotomodel, en ien oer oranjekoeke. "Dat slút goed oan by de ynteresses fan de bern", seit Bloem. "De teksten wiene nijsgjirrich."

"Dat slút goed oan by de ynteresses fan de bern" seit Bloem. "De teksten wiene hiel nijsgjirrich."

Meardere antwurden

Oer it eksamen Nederlânsk wie earder in soad te dwaan. Op guon fragen soene meardere antwurden mooglik wêze. Dat spile lang safolle net by dit eksamen, seit Bloem. Se hat it sels hjoed ek makke. "Ik set altyd in fraachteken yn de kantline as it it antwurd net fuortendaliks sjoch. Dat ha ik no mar in kear as twa, trije dien."

Soms binne der twa antwurden dy't beide goed binne. "Dan moatte se it alderbêste antwurd kieze. It is wol sneu as je in antwurd fout rekkenje moatte dat op himsels goed is."

Wurk begjint no pas

Foar de dosinten begjint it wurk no pas. "It moat no barre. Earst sels neisjen, en dan nei in twadde korrektor." Foar de bern is it klear. Dy ha frij. "Machtich! It wie krekt in film, dat dan de skoalbel giet, en dat se dan mei de hannen yn de loft nei bûten drave. Se ha no echt fakânsje."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)