De Ikker yn Burgum is wer iepen

27 maaie 2016 - 18:46

Multyfunksjoneel gebou De Ikker yn Burgum is freed ûnder grutte belangstelling offisjeel weriepene. Haadfunksje bliuwt 'protestantske tsjerke', mar troch in metamorfoaze dy't de lêste fjouwer moannen trochfierd is, bin der folle mear mooglikheden. De akkommodaasje beskikt no oer in grut poadium mei in enoarm projeksjeskerm en in profesjonele lûdsynstallaasje, wylst de seal in frisse, ljochte útstrieling krigen hat. 

De tsjerkemienskip kin no ek ûnderdak biede oan sympoasia, seminars, lêzingen en eksposysjes. It hiele wykein bin der noch aktiviteiten yn it gebou.

Trefwurden: 
De Ikker Burgum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)