Advokaat Canoy: ''Earder oergean ta skrassen foararrest''

Rjochters yn Nederlân moatte fertochten minder gau of koarter yn foararrest pleatse, sa fynt de Ljouwerter advokaat Bart Canoy. Neffens Canoy wurdt der yn Nederlân te soepel omgien mei de kritearia fan it foararrest. ''Er moet veel eerder geschorst worden en tevens meer rekening gehouden worden met de persoonlijke belangen van de verdachte, zoals werk of de woning.''
Normaliter wurdt it foararrest fan de straf ôfhelle, mar dat kin neffens Canoy net altyd. ''Wat doe je met situaties waarbij een verdachte zes maanden in voorarrest gezeten heeft en tot drie maanden is veroordeeld? En de persoon in kwestie is zijn baan en woning hierdoor kwijtgeraakt. De criteria voor voorlopige hechtenis moeten veel strenger worden toegepast op de situatie zelf.''
Foararrest
In earste ynstânsje kin in fertochte maksimaal fjirtjin dagen yn foararrest pleatst wurde, dit kin troch de rjochter ferlinge wurde oant njoggentich dagen. Mar it kin noch langer wurde as it proses al begûn is, dan kin de rjochtbank hieltyd mei trije moannen ferlingje.
Yn 2014 sieten yn Nederlân yn totaal 41.000 minsken yn detinsje, wêrfan sa'n 14.000 yn foararrest.