Hoanne pronket wer op 'e top fan Sint Clemenstsjerke

Der stiet wer in hoanne op de Sint Clemenstsjerke op It Amelân. Skoalbern fan de Kardinaal de Jongskoalle yn Nes hawwe freed holpen om de hoanne op 'e tsjerke te pleatsen. Doe't de histoaryske tsjerke yn 2013 ôfbaarnde, setten de skoalbern útein mei in jildsammelaksje foar in nije tsjerkehoanne. Yn totaal hellen sy goed 2.000 euro op.
Tegearre mei boubedriuw Friso en pastoar Diederik Duzijn waard de hoanne freedtemoarn op de tsjerke pleatst.