Wurk oan Tsjonger duorret langer troch fallisemint

27 maaie 2016 - 14:21

It opwurdearjen fan de Tsjonger duorret langer as de bedoeling wie. Dat komt troch it fallisemint fan oannimmer Bagger- en Groenservice. Dy begûn ferline hjerst mei de oanpak fan de Tsjonger as ûnderdiel fan de Turfrûte. Der moat baggere wurde en der komme duorsume en natuerfreonlike wâlskanten.

It wurk hie yn july klear wêze moatten, mar dat wurdt no nei alle gedachten net earder as de kommende hjerst. De Tsjonger is yn de tuskentiid wol befarber foar boaten.

Trefwurden: 
Tsjonger
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)