CNV stelt wurkjouwers iepenbier ferfier ultimatum

© Omrop Fryslân, Alle Faber
CNV Vakmensen hat de wurkjouwers yn it iepenbier ferfier freed in ultimatum steld. Foar moandei 6 juny moatte se mei in better leanbod komme, oars folgje aksjes. De leden fan fakbûn FNV hawwe earder al oanjûn it wurk dellizze te wollen. Der wurdt sûnt ein ferline jier ûnderhannele oer in nije CAO, mar de fakbûnen en de wurkjouwers komme der net út.
Stroffelstien is foaral it leanbod fan 1,75 prosint. De bûnen en har leden fine dat te min. De fakbûnen wolle ek jild foar opliedings en mear ynspraak yn de roasters.
Ek bepleitsje se in ûnôfhinklik ûndersyk nei de wurkdruk yn it iepenbier ferfier.