Boykot bedriuw troch gemeente Smellingerlân ropt fragen op

27 maaie 2016 - 12:41

It CDA yn de ried fan Smellingerlân reagearret fernuvere op it beslút fan boargemaster en wethâlders om in jier lang gjin guod te keapjen by it Drachtster bedriuw De Boer. Dit is neffens de gemeente it gefolch fan de diskriminaasje fan homoseksuele stazjêr Bas van der Meer, dy't by De Boer staazje rinne soe.

It lânboumeganisaasjebedriuw krige fan de rjochter al in boete fan 1.600 euro. Fraksjefoarsitter Jan Groen fan it CDA yn de gemeenteried freget him ôf of hjir gjin sprake is fan dûbele bestraffing. Hy fynt de maatregel ek 'te swier'.

ChristenUnie

Kolleezjepartij ChristenUnie yn Smellingerlân begrypt wol dat de gemeente Smellingerlân in jier lang neat ynkeapet bij lânboumechanisaasjebedriuw De Boer yn Drachten. De ChristenUnie fynt wol dat soks dan ek jilde moat foar oare bedriuwen dy't de fout yngean en troch de rjochter bestraft wurde, foar bygelyks diskriminaasje fan kristenen of moslims. De gemeente moat dan ek konsekwint en earlik wêze en dêr ek net mei hannelje, fynt de partij.

ELP

De Eerste Lokale Partij yn Smellingerlân begrypt it beslút fan it kolleezje net, omdat boargemaster en wethâlders it kwealik taljochtsje, seit fraksjefoarsitter Yntze de Vries. Hij fynt dat net ferstannich, omdat it it hiel soad ûnbegryp opsmyt. Hij freget him ôf wêrom't de boykot in jier duorje moat, en net bygelyks in heal jier. De ELP ferwachtet útlis fan it kolleezje yn de riedsgearkomste.

Skriftlike ferklearring

De gemeente Smellingerlân woe freed foar de radio gjin ferklearring ôflizze en ek it bedriuw sels wol net op de berjochten reagearje. It kolleezje fan b. en w. fan Smellingerlân kaam wol mei de folgjende skriftlike ferklearring:

"De kantonrechter heeft op maandag 25 april 2016 uitspraak gedaan in de strafzaak tegen het bedrijf A. Th. de Boer in Drachten. De rechter heeft bewezen verklaard dat A. Th de Boer artikel 429quarter van het Wetboek van Strafrecht heeft overtreden. Dit artikel geeft aan dat iemand die in de uitoefening van een ambt, beroep of bedrijf discrimineert wegens ras, godsdienst, levensovertuiging, geslacht of seksuele geaardheid, gestraft kan worden met hechtenis van twee maanden of een geldboete van maximaal € 8.200,-. De kantonrechter heeft in dit geval een geldboete opgelegd van € 1.600,- waarvan € 800,- voorwaardelijk met een proeftijd van drie jaar. Wij hebben eerder, bij monde van wethouder Ketelaar, aangegeven dat een strafrechtelijke veroordeling gevolgen kan hebben voor de zakelijke relatie met De Boer. De gerechtelijke uitspraak ligt er nu.

Als gemeentebestuur dragen wij uit dat wij ervoor staan dat onze homoseksuele, lesbische, biseksuele en transseksuele inwoners in een veilige en respectvolle omgeving onderdeel uitmaken van onze samenleving en daar open over kunnen zijn. Als gebleken is dat een bedrijf waarmee wij zaken doen aantoonbaar discrimineert en niet-integer gedrag vertoont willen wij daar gevolgen aan verbinden. Dit kan op basis van het gemeentelijk inkoop- en aanbestedingsbeleid. Een van de algemene uitgangspunten van dit beleid is, dat we zaken doen met integere ondernemers. Dit sluit aan bij wat hierover is geregeld in de Aanbestedingswet (artikel 2.87). Daarin is bepaald, dat bij niet-integer gedrag kan worden besloten voor een periode van drie jaar geen zaken te doen met een bedrijf.

Wij hebben daarom besloten om voor de periode van een jaar af te zien van het doen van aankopen bij het bedrijf. Wij zijn van mening, dat dit in redelijke verhouding staat tot aard van het feit, de maximale periode van uitsluiting en de uitspraak in de strafzaak."

Trefwurden: 
boykot Smellingerlân De Boer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)