Earste yndruk: F-35 net folle lûder as F-16

27 maaie 2016 - 12:28

Omwenners fan de fleanbasis Ljouwert fernimme net al te folle ferskil tusken it leven fan de F-35 (ek wol bekend as de JSF) en de F-16. It nije tastel feroarsaket wol krekt wat mear trillings en leven, mar neffens de omwenners is de lûdsbelesting amper mear as dy fan de F-16. Dat hat te krijen mei it soart leven dat de tastellen meitsje. De F-35 bromt wat mear, wylst de F-16 in heger lûd makket.

Dit die freed bliken by in earste evaluaasje fan de earste belibbingsflechten mei de F-35 op tongersdei.

By en om de basis diene sa'n 600 omwenners mei oan in enkête oer hoe't se de lûdsoerlêst belibje. De resultaten waarden freed presintearre troch it Nederlands Lucht- en Ruimtevaartcentrum NLR. De heechtste útsjitter by de lûdsmjittings wie tongersdei 112 desibel. Dy útsjitter waard net feroarsake troch in F-35, mar troch in F-16.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)