Brantsje yn studintehûs yn Ljouwert

27 maaie 2016 - 06:29

Sa'n tsien studinten stiene tongersdeitejûn koarte tiid op strjitte nei in brantsje yn harren wenning oan de Sudergrêftswâl yn Ljouwert. It fjoer ûntstie efkes nei healwei njoggenen yn de meterkast.

De brânwacht hie it fjoer al gau út. Dêrnei koene de studinten wer werom nei de wenning. Se hiene doe gjin stroom mear.

Trefwurden: 
brân studintehûs
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)