"Alde molkfabryk Moarre-Ljussens moat oanpakt wurde"

26 maaie 2016 - 23:08

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan de gemeente Dongeradiel wol mei de eigener fan it eardere molkfabryk tusken Moarre en Ljussens om tafel om te praten oer in nije bestimming foar it fertutearze kompleks en it terrein der omhinne. De ChristenUnie hie dêr fragen oer steld.

Smyt it oerlis neat op, dan wol it kolleezje in hânhaveningstrajekt begjinne om de eigener te twingen yn aksje te kommen. Wethâlder Albert van der Ploeg fynt dat der no echt wat barre moat.

Trefwurden: 
molkfabryk Moarre Ljussens
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)