Argewaasje om hûn dy't skiep oanfalt op De Triemen

26 maaie 2016 - 22:01

In agressive husky soarget op De Triemen foar rebûlje. Der binne de ôfrûne twa jier al ferskate skiep fan it bysûndere ras skuddeskiep deabiten of yn 'e sleat bedarre troch aksjes fan de hûn. De eigener fan de skiep wol dat de gemeente of de plysje yngrypt en dat der maatregels naam wurde. De plysje ferwiist dêrfoar nei de gemeente. Neffens de eigener fan de skiep docht Kollumerlân neat.

Boargemaster Bilker fan Kollumerlân lit yn in reaksje witte dat as de skiepeigener en de baas fan de hûn der net útkomme der oanjefte dien wurde moat.

Earder komt de gemeente net yn aksje. Neffens de eigeners fan de hûn binne der al in soad maatregels naam om te soargjen dat it bist net ûntsnappe kin. Se begripe de soargen fan de eigener fan de skiep en sille ynkoarten mei him yn petear oer oplossings.

Trefwurden: 
hûn skiep
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)