Grou en Aldegea sûnder stroom troch steuring

26 maaie 2016 - 20:09

Sa'n 300 ynwenners fan Grou en Aldegea Smellingerlân sitte tongersdeitejûn sûnder stroom. Dat meldt netbehearder Liander. De steuring begûn om kertier oer seizen hinne. It is noch ûndúdlik hoe't de steuring ûntstean koe. Der wurdt fia in omlieding stroom levere.

Liander ferwachtet dat de steuring uterlik njoggen oere ferholpen is en eltsenien wer stroom hat.

Trefwurden: 
stroomsteuring Liander
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)