Nije lokaasje foar keatsferiening De Pompeblêdden

De twa winnende partoeren fan de frije formaasjepartij yn Sint Jabik © Henk Bootsma
Keatsferiening De Pompeblêdden ferhuzet yn 2017 nei in nije lokaasje: de Binnenweg op It Hearrenfean. Boargemaster en wethâlders stelle 25.000 euro beskikber foar de renovaasje fan it beëage keatsfjild. Dêrneist komt der nei alle gedachten noch fyftichtûzen euro by foar de bou fan in klupgebou en in klaaikeamer.
De keatsferiening makke fan 1994 ôf gebrûk fan in natuergersfjild op sportkompleks De Heide. Op dat plak komt in keunstgersfjild foar de hockeyklup en moast der in oare lokaasje foar de keatsers socht wurde.