Wurknimmers Cofely binne wurch fan de stakings

26 maaie 2016 - 10:49

De wurknimmers fan it eardere Cofely binne wurch fan alle aksjes tsjin de nije direksje. Dat die tongersdeitemoarn bliken by de stakingsbyienkomsten yn Noard-Nederlân. Op de trije byienkomsten kamen yn totaal 28 stakers ôf. By it bedriuw wurkje yn hiel Noard-Nederlân inkelde hûnderten minsken. Der wurdt al moannen aksje fierd tsjin de reorganisaasjeplannen fan de direksje. Yn totaal soene der 65 minsken út moatte, mar de fakbûnen binne it net iens mei de wize wêrop dat bart.

Sa wol de direksje benammen âldere wurknimmers dien jaan. Ek wurdt der twivele oan de needsaak fan de staking om't it bedriuw gewoan winst makket. Der hawwe al ferskate aksjedagen west en de aksje fan tongersdei is de lêste. Hjirnei sille de fakbûnen besykje fia de rjochter harren gelyk te krijen. Op de stakingsbyienkomst yn Ljouwert kamen úteinlik sân minsken ôf. Sy lizze foar 24 oeren it wurk del.

Trefwurden: 
Cofely aksje staking
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)