Man oanhâlden foar bedriging yn Ljouwert
In 30-jierrige man út Nieuw-Amsterdam, by Emmen, is woansdeitenacht oanhâlden yn Ljouwert. By de Bilgaardpassage spruts er de plysje oan. Hy sei dat er oplicht wie by in drugsdeal.
Under it petear drige de man in stien troch in rút fan de plysje-auto te smiten. Dêrop is er oanhâlden. De plysje hat in ûndersyk ynsteld.