Kollum: ''Babi Pangang by de Gryk''

26 maaie 2016 - 08:28

Ferdinand de Jong wennet yn Boarnburgum en is skriuwer. Hy publisearre oant no ta fiif romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012), Bedoarne hannel (2014) en De Nova Scotia staazje (2015). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan UNIS Flyers. Ek presintearret er geregeld Flyers TV. Foar it hûs-oan-hûsblêd Corner fan SC Hearrenfean skriuwt er kollums en sjoernalistike artikels. Ferdinand is te folgjen op Twitter.

''WhatsApp is in prachtige wize fan kommunisearjen. It giet soms wol wat fier, want je sjogge bern dy’t njonken elkoar rinne soms net tsjin elkoar praten, mar mei-elkoar appen. Se laitsje dan wat skiepeftich as je harren dêr op wize. It fenomeen groepsapp is ek hiel maklik. Ik tink dat de measte hûshâldings hjoed-de-dei wol ien ha dêr’t se de deistige dingen op diele kinne. Ik meitsje ek diel út fan in pear groepsappen. Ien dêrfan is fan it Bokwerder Onbelang. Dat seit jim miskien neat, mar it is de band dêr’t ik mei in stik as wat ûnferstannen en in omkoal muzyk mei meitsje. En dat is alle kearen wer in feest. Dy app is dat ek, mar wat der op skreaun wurdt is folslein net publikabel. It is in trochrinnende bak mei komplete ûnsin, en dat ek noch yn it Bokwerders.

De hearen begjinne harren berjochtsjes meastal mei de meidieling dat se it net oan tiid ha om te appen, om dêrnei oerenlang troch te eameljen oer meastal hielendal neat. Ik meitsje my dêr ek skuldich oan, moat ik tajaan. It nivo is swier ûnder de mjitte, ien fan de fêste ûnderdielen is bygelyks in foto fan hokker alkohoalysk drankje der foar it sliepen gean nuttige wurdt. Soks dus. Wy ha de lêste tiid drok oefene foar it Brûzerfestival dat snein yn poppoadium Iduna yn Drachten plakfûn. Dy middei is tige slagge, mar dêr giet dizze kollum mar sydlings oer. De bandleden fûnen dat foarôfgeand oan de show wol in stikje teambuilding yn de foarm fan in iterij fan tapassing wêze soe. In oantal wiken hat de app fol stien mei mooglike lokaasjes dêr’t dizze opstiging syn gerak krije soe. Dat gie fan de Sjinees, fia de Turk en de snackbar, fan Yankee Doodle oant pykrestaurant de Kakelhof nei de pizzeria en sa kin ik der noch wol wat opsomje.

Op in gegeven momint wie de kûgel troch de tsjerke en waard net hielendal demokratysk besletten om nei de Gryk oan de Kade yn Drachten te gean. Ook de wijven waren welkom, dit in het kader van de saamhorigheid en gaarwerking, dat zodoende. De drummer regele ien en oar, om mar fan it trochrinnende gejank op de app ôf te wêzen. No, dat wie noch mar it begjin, kin ik jim melde. Alle leden fan de band fregen alle dagen oft harren aginda noch altyd kloppe en dat se om dy en dy dei en dy en dy tiid by de pizza, snack, Turk, pykrestaurant of hokker útspanning dan ek mar wêze moasten en oft de drummer dat efkes befêstigje woe. Hier komt een klap op, sa soe Rink van der Velde skreaun ha. En dy kaam der ek.

Fansels wienen alle hearen mei oanhing keurich op tiid en kreas yn de klean by it Grykske restaurant oankaam. Mei safolle kabaal dat de oare gasten al wat erchtinkend ús kant op seagen, waarden de menukaarten iepenslein. Mar wat de drummer en ik wol wisten en de Sjinees, Pizzaboer en de eigener fan it pykrestaurant ek, wie dat de drummer wraak yn it sin hie foar alle loaze berjochten en de hearen efkes goed te fiter nimme woe. Ik wie op de hichte fan de aksje en siet njonken de drummer nei de oaren te sjen. Op de hoeke fan de tafel, ticht by in flechtrûte. Fansels besykje de hearen it earst sûnder lêsbril, want ja, net stoer. En doe waard it efkes stil. Ik seach dat de brillen op kamen en de ferwûndering fan de iene noch grutter wie as dy fan de oare. ‘Nooit geweten dat se zoveel pizza op de kaart bij de Griek hebben,’ sei de iene. De oare flokte dat er net oer pyk stroganoff mocht en al hielendal net by de Gryk.

Myn buorman en ik besochten ús goed te hâlden, mar dat slagge amper. De drummer hie harren swier by de poat en de eigener fan it Grykske restaurant hie syn meiwurking ferliend yn dit komplot. De komplete orizjinele Grykske menukaarten wienen keunstich ferfalske mei dy fan de pizzaboer, it pykrestaurant en de Sjinees. De bassist en de toetseman hienen it op it lêst troch en de teksten dy’t doe troch de saak fleagen sil ik jim ûnthâlde, want ek wer net publikabel. It moaiste wie dat de gitarist, dy’t njonken my siet, der net it measte fan meikrige en betochtsum de kaart oan it lêzen wie. Nei it skoftsje sei er tsjin syn frou: ‘Goh, se ha hjir ek babi pangang, dat liket my wol wat...’ Pas doe’t wy hast kollektyf ûnder de tafel rûgelen fan it laitsjen krige er yn de gaten dat er de kaart fan de Sjinees siet te lêzen. De drummer en ik binne letter bot bedrige fia de app, mar dat wie te ferwachtsjen. It iten wie hearlik.''

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)