Earste belibbingsflecht tongersdei de loft yn by fleanbasis

Tongersdeitemiddei om twa oere hinne giet op de fleanbasis Ljouwert it earste fleantúch de loft yn foar in belibbingsflecht. Omwenners fan de fleanbasis kinne sa wenne oan it lûd. Se witte yn it foar net oft it giet om de nije F-35 of de F-16. Eins soene dizze testflechten woansdei al hâlden wurde, mar dat gong doe net troch fanwegen it minne waar. Doarpsbelang Marsum hat jierrenlang dwaande west om de tastellen hjirhinne te krijen, om te hearren hoefolle leven oft se meitsje.
''Wy hawwe hjir jierrenlang om frege,'' sa seit Geert Verf, foarsitter fan it doarpsbelang fan Marsum. ''Ik bin hiel benijd hoe it komt, moandei hawwe we al in bytsje in foarpriuwke hân. Myn ferwachting is dat der wat mear lûd is''.
Twa opsjes
Neffens Verf kinne der twa dingen barre. ''Of it falt tige mei, dan sizze we wêr hawwe wy ús altyd drok om makke. Of it falt ôf, en dan bin ik bliid dat de belibbingsflechten der binne. Dan hawwe wy trije jier langer de tiid om te sjen wat foar opsjes der binne om it lûd te beheinen.''