Foarstel foar keapsnein Drachten net oannommen

In inisjatyffoarstel fan de Earste Lokale Partij (ELP) yn de gemeente Smellingerlân om dochs in keapsnein yn Drachten yn te fieren, hat it net helle. De fraksje kaam mei de moasje nei oanlieding fan in petysje dy't oanbean is oan it gemeentebestjoer. Dêr stie yn dat 92 fan de 102 winkelju yn it sintrum fan Drachten foar in keapsnein binne. Earder hiene boargemaster en wethâlders al oanjûn net foar in keapsnein te wêzen.
Undernimmers hienen op Facebook oproppen om de riedsgearkomste manmachtich by te wenjen om de ELP te stypjen.
Mar mei 21 tsjinstimmen en acht foarstimmen helle de moasje it net. De koälysjepartijen PvdA, ChristenUnie, SP en D66 stimden mei de FNP tsjin de moasje. ELP, VVD en Smallingerlands Belang en GrienLinks stimden foar.