Gemeenteried Harns wol azc op Balklandterrein

25 maaie 2016 - 21:36

Harns krijt in asylsikerssintrum foar trijehûndert flechtlingen op it Balklandterrein achter de Waddenhal. De gemeenteried stimde woansdeitejûn yn grutte mearderheid foar de plannen.

Omwenners út in senioareflat yn de buert hawwe soargen oer harren feiligens, útsjoch en rêst. Sy sjogge it nije azc leaver op it Koementerrein. Mar de eventuele fertraging dy't dat opsmite soe, is foar in soad partijen yn de ried fan Harns in stroffelstien. 

Plus- en minpunten

Neffens de PvdA hawwe beide lokaasjes plus- en minpunten. OPA en de Wad'n Partij stimden tsjin de plannen foar it azc. Wethâlder Hein Kuiken fan Harns is bliid dat it foarstel troch de ried kaam is.

Nulmjitting

De partijen D66, VVD en CDA hawwe by de riedsfergadering oer it nije azc noch in amendemint yntsjinne foar de komst fan de opfang. Sy fine dat de lokaasje oan it Balkland freget om maatregels. Sa wolle sy dat der in nulmjitting komt oer de feiligens, en dat der kommunikaasje bliuwt mei de omwenners. De inisjatyfnimmers fan it amendemint neame it in 'winskelist'. De gemeenteried hat it amendemint mei grutte mearderheid oannaam. De wethâlder hat tasein de winsken mei te nimmen yn it fierdere proces. 

Publyk

De riedsgearkomste oer de saak wie yn teäter Trebol, om't der reedlik wat publyk ferwachte waard. Op de tribune sieten benammen omwenners fan it Balkland. Sy wiene fernuvere oer it grutte tal partijen dat foar de plannen stimde. De omwenners hiene it byld dat der yn de ried fan Harns mear wjerstân wêze soe tsjin de lokaasje. 

It nije azc moat oer goed in jier klear wêze. De opfang komt der foar maksimaal tsien jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)