Geert van Tuinen: "Ik fielde it fuort: in hertynfarkt"

Ferslachjouwer Geert van Tuinen fan Omrop Fryslân hat troch syn hertynfarkt sels ûnderfûn hoe wichtich oft in rappe reanimaasje is. Ferline jier maart krige er it ynfarkt, wêrtroch't syn hert stilstean bleau.
''Ik hie krekt it iten op, doe't de klachten begûnen. Ik hie pine op it boarst, druk ek en ik switte sa bot. Ik fielde fuortendaliks: dit is in hertynfarkt. Ik haw myn frou en 112 belle. Ik haw de doar sels noch iependwaan kinnen, mar dêrnei sei ik tsjin de man fan de meldkeamer: Daar ga ik. Fan doe ôf wie ik út de tiid."
Van Tuinen hie it gelok dat de ambulânse al yn de buert wie en dêrtroch binnen 6 minuten by him thús wêze koe. "Se hawwe my mei in AED wer by de tiid brocht. Hie de ambulânse net al ûnderweis west, dan hie ik it net helle. Dat hat myn rêding west. Ik hat my mei de noas op de feiten drukt dat boargerhelpferlieners fan tige grut belang binne. Der wiene gjin boargerhelpferlieners by my doe, mar as de ambulânse net al riden hie, dan hie ik in boargerhelpferliener mei in AED nedich hân.''
It is fan 'e wike aksjewike mei as tema: hertfeiligens. Alles oer de aksje is te finen op ús spesjale side fan Klopjend hert foar Fryslân.