Roeister Aletta Jorritsma kwalifisearret har foar Rio

25 maaie 2016 - 19:36

Roeister Aletta Jorritsma fan Tsjummearum mei nei de Olympyske Spelen yn Rio. De froulju fan de Nederlânske Acht kwalifisearren harren tiisdei by it Olympysk kwalifikaasjetoernoai yn it Switserske Luzern. Foar dy boat is Jorritsma reserve, mar troch de pleatsing fan de Frouljus Acht mei se mei har partner Heleen Boers wol meidwaan yn har eigen boat, in Twa Sûnder (twa roeiers sûnder stjoerfrou).

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)