Sunige dûs ferbrûkt 90 prosint minder wetter

25 maaie 2016 - 18:20

Der komt in dûs op de merk dy't 90 persint minder wetter ferbrûkt. Minsken ferdûse al gau 10 oant 12 liter wetter de minút. Mei de nije dûs kin dat ôfnimme nei 1 oant 2 liter. Hy is sa sunich omdat er it dûswetter opnij brûkt. Dêrfoar wurdt it opheind, suvere, opwaarme mei in bytsje nij wetter en omheech pompt. Dêrnei falt it fia in ekstra grutte fjouwerkante dûskop wer op de dûser del.

De nije dûs skeelt boppedat yn de stookkosten. Betinker René Betgem fertelde oer syn ' upfall shower ' op it Water Tech Fest fan ûndersyksinstitút Wetsus.

Trefwurden: 
dûs Water Tech Fest Wetsus
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)