Waadferiening komt mei nije publykskampanje

25 maaie 2016 - 16:24

De Waadferiening lansearret in nije kampanje oer it belang fan it Waadgebiet mei in evenemint en in tydskrift. Dat sil tongersdei heve op Lauwerseach. De kampanje hat as doel politisy, ûndernimmers, bewenners en leafhawwers fan it Waadgebiet op ideeën te bringen hoe't it better kin. By de lansearring komt der spesjaal Waadseenûmer út fan it tiidskrift Noorderbreedte.

De presintaasje is tongersdeitemoarn om 10.00 oere op it skip De Raaf yn de jachthaven. Dêrnei is der in fytstocht en middeisiten mei produkten út it Waadgebiet.

Trefwurden: 
Waadferiening Waadgebiet
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)