Biblioteek De Gordyk fiert 200-jierrich bestean

Ien fan de âldste biblioteken fan Fryslân bestiet woansdei 200 jier. De iepenbiere boekútlien fan De Gordyk begûn ea as in kast mei boeken. It Nut fan it Algemeen fûn yn 1816 dat in biblioteek goed wêze soe foar de befolking fan De Gordyk en omkriten. De 'boekekast' fan doe is útgroeid ta in biblioteek mei mear as tûzen leden. Ferline jier hat de Gordykster fêstiging goed 100.000 boeken útliend.
Fanwege de fiering hat wethâlder Jonkman mei skoalbern plakettes van it Nut ûntbleate by de biblioteek, by it museum en by twa brêgen.