Ljochtjaande streken op fytspaad fan Jobbegea litte los

It ljochtjaan fytspaad foldocht de Kompenijsters goed
De ljochtjaande streken op it fytspaad by de P.W. Janssenwei yn Jobbegea del wurkje net. Se litte los, wêrtroch't de gemeente Hearrenfean op syk moat nei in nije oplossing om it drokke fytspaad goed te ferljochtsjen.
Bewenners lutsen oan de bel. Se hawwe lêst fan de loslizzende streken en fine de sitewaasje gefaarlik, mei om't in soad bern oer it tsjustere fytspaad nei it sportpark en it swimbad fytse. De FNP-fraksje hat fragen oan it kolleezje steld. Dat hat oanjûn om noch foar de hjerst mei in oplossing te kommen.
De streken binne twa jier lyn oanlein as lanlike proef. De spesjale ferve op de linen nimt oerdeis ljocht op en strielt dat nachts út.